Frivius Energie homepage
In het
Nederlands
Fragen

Fragen oer tariven

Hoe kin it dat de leveringstariven fan Frivius mei yngong fan 1 jannewaris 2011 leger wurden binne?
Enerzjybedriuwen keapje harren elektrisiteit en gas fan tefoaren yn. Sy begjinne dêr op ’e tiid mei, in skoftke foar’t de leveringsperioade yngiet. De nije tariven mei yngong fan 1 jannewaris 2011 hâlde ferbân mei de oaljeprizen yn in eardere perioade. Yn dy perioade wienen de oaljeprizen gemiddeld leech, en dat wurdt trochberekkene yn de leveringstariven.

As ik jild weromkrij by myn jierrekken, krij ik dan ek in rintefergoeding?
Op grûn fan ûndersyk nei foarskotrekkens fynt de minister fan Ekonomyske Saken dat de enerzjyleveransiers in goed systeem hantearje. In rintefergoeding is neffens de minister dan ek net paslik. Boppedat besiket Frivius derfoar te soargjen dat jo sa min mooglik by hoege te beteljen of weromkrije by jo jierrekken.

Wêrom moat ik betelje foar in akseptgiro?
It ferwurkjen fan jo betelling bringt kosten mei. Frivius energie bringt dêr mei yngong fan 1 april 2010 administraasjekosten foar yn rekken. Wannear’t jo mei automatyske ynkasso betelje, krije jo in koarting fan €1,19 (ynkl. BTW) de moanne. Dy koarting wurdt ferrekkene op jo jiernota.
Fierder wol Frivius energie har klanten sa bot mooglik stimulearje om te kiezen foar automatyske ynkasso, sadat dêrmei de papierstream en sa ek de miljeubelêsting sa fier mooglik beheind wurdt.

Hoe kin ik myn wize fan beteljen feroarje?
Jo wize fan beteljen kinne jo feroarje fia dizze website, ûnder ‘Myn gegevens’.


Wat foar betellingsmooglikheden binne der?
Jo kinne der foar kieze om op de folgjende wizen te beteljen:

  • Mei akseptgiro
  • Troch automatyske ynkasso

As jo kieze foar automatyske ynkasso, krije jo in koarting fan € 14,28 (ynklusyf BTW) yn it jier.

[Werom nei oersjoch]

 
Leveringsbetingsten >

Meast stelde fragen
>

Tariven
>