 |
Fragen -
Leveransier/netbehearder |
 |
Fragen oer leveransier/netbehearder
Wat is in leveransier?
De leveransier (Eneco Retail B.V.) keapet enerzjy yn, ek Frivius energie, en ferkeapet dat oan de klant. De oerienkomst tusken de leveransier en de klant wurdt in leveringsoerienkomst neamd.
Wat is in netbehearder?
De netbehearder is de behearder fan it lokale elektrisiteits- en gasnet en is ferantwurdlik foar it ûnderhâlden en útwreidzjen fan it net en de oanslutingen dêrop. De netbehearder fersoarget de oanslutingen by klanten en soarget foar it transport fan elektrisiteit en gas.
De leveransier sil alle periodike saken wat dy oanslút- en transportoerienkomst oanbelanget mei de netbehearder ôfhannelje, wannear't de klant de leveransier dêrfoar machtiget. De oerienkomst tusken de netbehearder en de klant wurdt in oanslút- en transportoerienkomst neamd.
Wat is it ferskil tusken levering en transport fan enerzjy?
- Transport: fia it transportnet ûnder de grûn wurdt de enerzjy by jo thús levere.
- Levering: de enerzjy dy't fia it transportnet jo hûs binnenkomt. Dat is de enerzjy dy't jo as konsumint brûke.
Is de levering garandearre as ik oerstap op in oare enerzjyleveransier?
De enerzjy wurdt dan transportearre troch itselde netwurk as no. Jo hawwe in leveringswissichheid (betrouberheid) fan hast 100% en dêr feroaret neat oan as jo oerstappe nei in oare leveransier. Jo netbehearder bliuwt ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it netwurk. Dat nimt de nije leveransier net oer.
Wat is it ferskil tusken it leveransiersmodel en it netbeheardersmodel?
In leveransier kin út dy twa modellen kieze:
- Netbeheardersmodel: dat betsjut dat jo allinnich foar it leverjen fan enerzjy in faktuer krije fan jo enerzjyleveransier. Foar it transport fan dy enerzjy krije jo in aparte faktuer fan jo lokale netbehearder.
- Leveransiersmodel: yn dat gefal bringt de leveransier alle enerzjykosten yn rekken (levering en transport). Hy draacht de transportkosten ôf oan de lokale netbehearder. By Frivius energie wurkje wy mei it netbeheardersmodel.
Wêrom kin Frivius energie de transportkosten net meinimme op ’e nota?
Frivius energie hat mei ferskate netbehearders petearen hân om de transportkosten (netbehearderskosten) fia de Frivius energie-nota te ferrekkenjen. Hoewol’t dêroer al lanlike ôfspraken makke binne, is in oantal netbehearders net yn steat om dat te organisearjen.
[werom nei oersjoch]
|