Frivius Energie homepage
In het
Nederlands
Fragen - Frivius gas

Fragen oer gas

Hoe kin ik sjen hokker gasmeter oft ik ha?
Op de meter (meastal yn 'e buert fan it útlêspart) stiet in G + in sifer. Yn de measte gefallen is dat G4.

Hoefolle besparje ik as ik in oere foar it op bêd gean de termostaat leger set?
In oere foar it op bêd gean de termostaat leger sette besparret 4% op it gasferbrûk foar jo ferwaarming.

Ik sjoch gasprofyl op myn nota stean. Wat betsjut dat?
Alle jierren wurdt op 1 jannewaris troch jo netbehearder bepaald yn hokker gasprofyl oft jo falle. Dat bart op basis fan jo standert jierferbrûk en type meter. Partikuliere klanten falle oer it generaal yn profyl 1. By in standert jierferbrûk fan mear as 5.000 m3 falle jo yn profyl 2. De tariven foar gastransport ferskille foar profyl 1 en 2.

Wat bart der as ik fan it iene nei it oare gasprofyl gean?
Alle jierren wurde jo troch jo netbehearder yndield yn in gasprofyl op basis fan jo standert jierferbrûk en jo type gasmeter. De byhearrende tariven wurde op 1 jannewaris fan dat jier oanpast.

As ik it ferbrûk op myn nota fermannichfâldigje mei it taryf, kom ik net út op it bedrach dat derachter stiet. Hoe kin dat?
De tariven op jo nota binne trochinoar woegen tariven. De perioade fan jo nota is ûnderferdield yn perioaden, dy't elk harren eigen tariven hawwe. It tal perioaden yn 't jier ferskilt by elk produkt. Jo ferbrûk fan de hiele nota wurdt ferdield oer de ferskillende perioaden. Foar elektrisiteit bart dat op basis fan dei-evenredichheid en foar gas en waarmte meitsje wy gebrûk fan de graaddagen-metoade. As jo ferbrûk oan de goede perioade takend is, kinne de totale kosten berekkene wurde. It taryf op jo nota is it woegen gemiddelde fan de ûnderlizzende tariven. Dêrtroch kinne der by fermannichfâldiging fan jo ferbrûk mei it taryf op de jierôfrekken lytse ferskillen ûntstean mei it totaal fan de jiernota.

Wat binne graaddagen?
As de trochsnee-temperatuer op in dei leger is as 18 graden, telt it ferskil oant dy 18 graden as it tal graaddagen (dus as de trochsnee-temperatuer 5 graden is, jildt dy dei as 13 graaddagen). Sa wurdt alle moannen it tal graaddagen fêststeld. Frivius energie brûkt moannewearden om jo ferbrûk te ferdielen oer in ferbrûksjier en it tal graaddagen yn 'e moanne wurdt brûkt om it gasferbrûk oer it jier te ferdielen.

Wolle jo mear ynformaasje oer de graaddagen, dan kinne jo dy opfreegje fia de website fan www.energiened.nl ûnder menu databases.

Wêrom wurdt it gasferbrûk korrizjearre mei in 'kaloaryske faktor'?
De tariven foar gastransport binne fêststeld foar gas mei in bepaalde ferbrâningskwaliteit. It gas dat levere wurdt hat net altyd deselde ferbrâningskwaliteit. Gas mei in hege ferbrâningskwaliteit leveret de m3 mear enerzjy en is dêrom djoerder. Al it gas dat levere wurdt, wurdt korrizjearre foar de feitlike ferbrâningsskwaliteit. Dat bart troch de hoemannichte dy't levere wurdt te fermannichfâldigjen mei de 'kaloaryske faktor', in rekkenienheid dy't lanlik fêststeld wurdt.
As de kaloaryske wearde heger is, sille de ierappels bygelyks flugger gear wêze. Mei oare wurden: der is minder gas foar nedich.

Hoe wurdt myn gasferbrûk oan it krekte taryf keppele? De gaspriis feroaret elk healjier, wylst ik mar ien kear yn 't jier myn meterstân trochjou.
Yn gearwurking mei alle enerzjybedriuwen is in metoade ûntwikkele dy't enerzjybedriuwen op grûn fan temperatuer (graaddagen) en in trochsnee-ferbrûksprofyl by steat stelt om jo ferbrûk te ferdielen oer it jier.

Wêrom binne der regionale ferskillen yn de gaspriis?
De Gasunie berekkenet oan Frivius energie in regio-opslach foar elke ynkochte m3 (kubike meter). Dy is ôfhinklik fan de regio dêr't jo wenje. Wat fierder oft jo fan Grins ôf wenje, namste heger de gaspriis. Dy regio-opslach berekkenje wy wer troch oan de klanten fan ús gas.

Is it taryf op myn nota in trochsnee-taryf?
Jo krije jo jiernota oer in ferbrûksjier en dat kin ôfwike fan in kalinderjier. As yn jo ferbrûksjier in taryf wizige is, dan wurdt jo jiernota berekkene op basis fan de ferskillende tariven. Op de nota sjogge jo dan in trochsnee-taryf stean. Soks om foar te kommen dat der mear as ien taryf op 'e nota komt te stean.
In foarbyld: Jo ferbrûksjier rint fan 1 july oant 30 juny fan it jier dêrnei. Op 1 jannewaris fan it nije jier wurde de tariven ferhege. Op jo nota wurdt it ferbrûk yn de perioade 1 july - 31 desimber tsjin it taryf fan it âlde jier ôfrekkene, wylst fan 1 jannewaris ôf mei it hegere taryf foar it nije jier rekkene wurdt.

Wat is in kapasiteitsôfhinklik gastaryf?
It kapasiteitsôfhinklike taryf is in fergoeding dy't jo oan jo netbehearder betelje, dy't ôfhinklik is fan de kapasiteit fan jo oansluting. Dat taryf dekt in part fan de kosten foar it oanlizzen en yn stân hâlden fan de gasnetten. Wat grutter oft jo oansluting is, wat heger it taryf.
Foar in gruttere oansluting moat de netbehearder ommers mear kosten meitsje. It gasnet moat derop berekkene wêze om mear gas nei jo oansluting te transportearjen. In grutte oansluting makket it ek mooglik om oan in hege pykfraach te foldwaan. It net fan de netbehearder moat dêrop taret wêze. Hawwe jo dy pykfraach winliken net nedich, tink der dan ris oer nei om de kapasiteit fan jo oansluting te ferleegjen. Nim dêrta kontakt op mei jo netbehearder.

Hoe sit it mei de ferskillende ferbrâningswearden fan gas?
Net elke m3 gas leveret likefolle waarmte. Hoefolle waarmte oft it gas leveret hinget ôf fan de ferbrâningswearde fan gas (de saneamde kaloaryske wearde). Dêrom wurdt it gas dat jo ferbrûke korrizjearre mei de kaloaryske wearde. Dat foarkomt dat jo te min of tefolle betelje. De kaloaryske wearde fan gas hat te krijen mei it enerzjygehalte fan it gas dat levere wurdt. Hoe heger de kaloaryske wearde, hoe gauwer oft in liter wetter siedt. Jo hawwe dan minder gas nedich foar itselde resultaat. Jo gasmeter mjit it gas dat levere wurdt op grûn fan in standertwearde. As de ferbrâningswearde fan it gas heger of leger is, ûntstiet der in ferskil tusken it enerzjyferbrûk neffens de meterstannen en it werklike enerzjyferbrûk. De kaloaryske wearde fan it gas wurdt allegeduerigen metten, dêrtroch kinne ôfwikingen fan de standertwearde ferrekkene wurde op de faktuer. Sadwaande betelje jo noait tefolle of te min.

[Werom nei oersjoch


 
Leveringsbetingsten >

Meast stelde fragen
>

Tariven
>