|
Fragen oer Enerzjybelesting
Wat is enerzjybelesting?
Enerzjybelesting is in belesting dy’t jo de Kwh elektrisiteit en de m3 gas betelje. Wy moatte dy belesting ôfdrage oan de oerheid. De belesting hat as doel om it enerzjyferbrûk te ferminderjen. Jo kinne it ferlykje mei de aksyns op benzine en tabak. Oare termen foar Enerzjybelesting binne Enerzjyheffing en Ecotax.
Betelje ik mear Enerzjybelesting op myn griene elektrisiteit?
Nee, sûnt 1 jannewaris 2005 bestiet der gjin belestingferskil mear tusken gewoane en griene stroom.
Hoe heech is de enerzjybelesting?
De enerzjybelesting dy’t oant ein 2010 jildt, is:
| Enerzjybelesting gas |
Ynklusyf 19% BTW |
| 0 - 5.000 m3 |
0,1938 |
| 5.000 - 170.000 m3 |
0,1679 |
| Enerzjybelesting elektrisiteit |
Ynklusyf 19% BTW |
| 0 - 10.000 kWh |
0,1326 |
| 10.000 - 50.000 kWh |
0,0483 |
| 50.000 en mear |
0,0129 |
Ha ik as ôfnimmer fan Frivius energie rjocht op belestingfermindering?
Ja, as klant fan Frivius energie krije jo it hiele bedrach fan € 379,16 (ynkl. BTW) op jierbasis werom. Dat jildt foar alle húshâldens dy’t elektrisiteit ôfnimme.
[Werom nei oersjoch]
|
|