|
Fragen oer elektrisiteit
Wêr komt de elektrisiteit fan Frivius energie
wei?
Frivius energie is in iepen en earlik bedriuw. Dêrom jouwe wy jo graach ynsjoch yn de gearstalling fan ús elektrisiteit. Sa’t jo witte, wurdt de elektrisiteit ynkocht troch Eneco Retail. Frivius leveret oan al syn klanten griene stroom. De boarnegearstalling fan dy griene stroom is gelyk oan dy fan Ecostroom fan Eneco Retail.
Wat is kWh?
kWh stiet foar ‘kilowattoere’, dat is de ienheid dêr’t enerzjybedriuwen elektrisiteit yn ôfrekkenje mei de konsumint.
Wat
is it trochsneed elektrisiteitsferbrûk
per wenning?
Likernôch 3350 kWh yn it jier. It ferbrûk fariearret en
is ôfhinklik fan û.o. de gesinsgrutte en de oanwêzige
apparatuer.
Ferskilt de kwaliteit fan elektrisiteit per leveransier?
Nee, de kwaliteit fan elektrisiteit foldocht oan in lanlik fêststelde noarm. De leveringswissichheid fan stroom is ôfhinklik fan de kwaliteit fan it netwurk dat beheard wurdt troch jo lokale netbehearder.
Wat is TenneT?
TenneT is de lanlike netbehearder, dy’t it lanlike heechspanningsnet beheart. Dat netwurk is keppele oan de netwurken fan de regionale netbehearders oant jo oansluting thús ta.
Wêr kin de elektrisiteitspriis
troch feroarje?
De priis fan elektrisiteit wurdt bepaald troch de hichte fan de brânstofprizen en troch fraach en oanbod. Sa wie der bygelyks yn de simmer fan 2003, troch de droechte, minder produksje fan elektrisiteit. Dy ynsidintele ferhegingen fan de ynkeapspriis wurde fansels net gelyk oan de klant trochberekkene. De strukturele karakteristiken fan de Nederlânske ynkeapsmerk wurde lykwols úteinlik wol yn ’e priis ferwurke. Dêrneist kin in ferheging fan de heffingen fan de oerheid liede ta in ferheging fan de priis foar de konsumint.
Wêrom ferbrûk ik it iene
jier mear as it oare jier?
Jo ferbrûk is benammen ôfhinklik fan de apparatuer yn jo hûs. Hawwe jo in droeger, frieskiste, ôfwaskmasine of wetterbêd kocht, dan ferbrûke jo mear elektrisiteit. It grutter wurden fan jo gesin soarget oer it algemien ek foar in heger ferbrûk. As jo nota ferline jier (te leech) rûsd is, en jo dit jier op basis fan de werklike stannen ôfrekkene binne, kin it notabedrach oanmerklik heger wêze.
Wat is it ferskil tusken in dûbel-
en in inkeltaryfmeter?
Jo kinne by jo netbehearder kieze foar in saneamde inkeltaryfmeter foar jo elektrisiteit: op dy wize betelje jo ien priis foar elektrisiteit. It makket dêrby neat út wannear’t jo elektrisiteit brûke (normaaltaryf, ek wol bekend as inkeltaryf).
Jo kinne ek kieze foar in dûbeltaryfmeter, dat is in meter mei twa (oansletten) telwurken. By in dûbeltaryfmeter wurdt it elektrisiteitsferbrûk yn ’e daloeren tsjin leechtaryf berekkene. As jo in dûbeltaryfmeter hawwe, stiet dat op jo jiernota. It normaaltaryf is it taryf foar jo ferbrûk op wurkdagen tusken 07.00 en 23.00 oere. It leechtaryf jildt op wurkdagen tusken 23.00 en 07.00 oere en ek it folsleine wykein en op ’e offisjele feestdagen (dat binne: 1 jannewaris, 2e peaskedei, jierdei fan ’e Kening(inne), himelfeartsdei, 2e pinksterdei, 1e en 2e krystdei).
[Werom nei oersjoch]
|
|