Frivius Energie homepage
In het
Nederlands
Fragen - Oanbod oare leveransiers
Fragen oer oanbod oare leveransiers

Ik ha in oerienkomst krigen, mar bin net bewust yngien op it telefoanyske oanbod. Wat no?
Jo kinne dy oerienkomst binnen 7 wurkdagen (= wetlike termyn) nei ûntfangst weromstjoere. Jou dêrby oan dat jo de oerienkomst annulearje wolle. Us advys: doch dat oantekene!

Ik bin klant wurden by in oare enerzjyleveransier, mar ik wol wer Frivius energie ôfnimme. Hoe giet soks no fierder?
As jo jo kontrakt op 'e tiid opsizze by de hjoeddeiske leveransier en jo jo oanmelde om Frivius energie ôf te nimmen, dan regelet ús Oerstapservice soargeleas en fergees jo oerstap. Dat betsjut dat as jo hjoeddeiske enerzjyleveransier jo in opsisboete trochberekkenet, wy dy oan jo fergoedzje. Koartsein Frivius energie: mear service foar minder jild!

Ik ha sûnder dat ik dêr om frege ha in oerienkomst thús krigen. Bin ik no klant by dy partij?
It Konsumintebûn bliuwt derby dat jo pas in oerienkomst hawwe as jo dêr mei klam tastimming foar jûn hawwe. Dat kin ek telefoanysk bard wêze. As jo binnen 7 wurkdagen nei ûntfangst fan de oerienkomst, dy oerienkomst wer weromstjoere mei de opmerking dat jo dy annulearje wolle, hawwe jo gjin oerienkomst. Us advys: doch dat oantekene!

Ik bin wol akkoart gien mei de oerienkomst mar wol dy dochs annulearje. Wat no?
Jo kinne de oerienkomst binnen 7 wurkdagen (= wetlike termyn) nei ûntfangst weromstjoere. Jou dêrby oan dat jo de oerienkomst annulearje wolle. Us advys: doch dat oantekene!

[Werom nei oersjoch]


 
Leveringsbetingsten >

Meast stelde fragen
>

Tariven
>