Frivius Energie homepage
In het
Nederlands
Fragen - Frivius energie

Fragen oer Frivius energie

Wa is Frivius energie?

Wy binne in enerzjybedriuw, dat grutsk is op it moaiste stikje fan Nederlân: Fryslân. Net allinnich de natoer, de oerfloed oan wetter en de wrydske lânskippen, mar ek de idyllyske doarpkes, de kultuer en fansels de Fryske taal. Wy fiele ús belutsen by Fryslân. En sa is ek ús oanpak, typysk Frysk: tagonklik, berikber en nochteren mei persoanlike oandacht foar jo. Dat lêste uteret him ûnder oaren yn ús Frysktalige klanteservice, ús skerpe tariven en fergese oerstapservice.

Wêrom soe ik kieze foar Frivius energie?

  • Klantfreonlik: jo binne gjin nûmer mar in klant
  • Klantesurvis yn it Frysk en Nederlânsk (jo hawwe de kar)
  • Skerpe tariven
  • Typysk Fryske oanpak: tagonklik, berikber en nochteren
  • Fergese oerstapservice: soargeleas oerstappe en wy fergoedzje in mooglike opsisboete.

Hokke produkten kin ik by Frivius energie ôfnimme?
Jo kinne sawol gas as elektrisiteit ôfnimme by Frivius energie.

Ik bin no foar gas/elektrisiteit klant by in oare leveransier. Kin ik oerstappe nei Frivius energie?
Ja, dat kin. Jo kinne jo oanmelde fia de pagina Oanmelde of troch in e-mail te stjoeren nei of troch in e-mail te stjoeren nei Klantenservice@frivius.nl. It kin ek telefoanysk troch op wurkdagen tusken 08.00 en 17.00 oere te beljen mei de meiwurkers fan ús klanteservice, 088 - 1214010.

Moat der oan- en ôfsluten wurde wannear't ik oerstap nei gas en/of elektrisiteit fan Frivius energie?
Nee, de wikseling giet administratyf. Jo enerzjylevering giet dus gewoan troch.

Moat ik de meterstân opnimme as ik kies foar Frivius energie?
Nee, de netbehearder bepaalt oan ’e hân fan syn gegevens wat de meterstannen binne op it stuit dat jo oerstappe. Hawwe jo de meterstân by de hân, dan kinne jo dy trochjaan by jo oanmelding. De netbehearder hat dan in yndikaasje fan de meterstân fan jo oerstap. De netbehearder is lykwols net ferplichte om dy stân oan te hâlden. De netbehearder jout dy stân dêrnei oan ús troch. Dy stân is dan de begjinstân dy’t jo op de earstkommende jiernota fan Frivius energie stean sjogge. Dat is dan ek de einstân by de leveransier dy’t jo no hawwe.
Mocht der dochs noch in ferskil ûntstean, dan wurdt dat by de earstfolgjende meteropname fansels korrizjearre.

Feroaret myn termynbedrach as ik oerstap nei Frivius energie?
As jo op dit stuit in totaalnota krije foar it leverjen en it transport, sil der wol wat feroarje. Jo betelje dan nammentlik oan Frivius energie jo termynbedrach foar it leverjen fan gas en/of elektrisiteit en oan jo netbehearder jo termynbedrach foar it transport fan enerzjy. As jo op dit stuit al aparte faktueren krije foar leverjen en transport, sil jo termynbedrach amper feroarje..

Moat ik betelje om oer te stappen op Frivius energie?
Nee! Us Oerstapservice regelet jo oerstap soargeleas en fergees. Dat betsjut dat as jo hjoeddeiske enerzjyleveransier jo in opsisboete trochberekkenet, wy dy oan jo fergoedzje. Koartsein Frivius energie: mear service foar minder jild!

Moat der wat feroare wurde oan myn meter of stopkontakten as ik Frivius energie nim? En oan de liedingen?
Nee, der hoecht neat feroare te wurden. De meter en stopkontakten kinne jo gewoan brûke. En de kabels en de buizen bliuwe ek itselde. De enerzjybedriuwen sille oare partijen tastean gebrûk te meitsjen fan it besteande elektrisiteits- of gasnet. Ferlykje it mar mei it spoarnet of de telefoankabels. Dêr brûke oare partijen ek de ynfrastruktuer dy’t earst allinnich troch de NS en KPN brûkt waard.

Moat ik de leveransier dy’t ik no ha sels opsizze?
Nee, wannear’t jo kieze foar Frivius energie regelje wy de ôfhanneling fierder foar jo. Jo hoege fierder neat te dwaan. Tink der wol om dat as jo noch in rinnend kontrakt hawwe foar enerzjy, dat jo ús witte litte wannear’t dat kontrakt ôfrint en wannear’t jo oerstappe kinne op Frivius energie. As jo in rinnend kontrakt hawwe foar gas of elektrisiteit, moatte jo sels yn ’e gaten hâlde oft der in boeteklausule oan hinget. Dat hâldt yn, dat guon leveransiers in boete yn rekken bringe, wannear’t jo jo kontrakt earder opsizze. Wy fergoedzje dy boete oan jo.

Wêrom hawwe jo fan my in folmacht nedich om klant te wurden?
De oerheid hat bepaald dat alle leveransiers fan enerzjy wurkje moatte mei in saneamde folmacht. Wannear’t jo de folmacht tekenje, jouwe jo ús dêrmei tastimming om alles ôf te hanneljen mei jo eardere enerzjyleveransier en jo ferbrûkgegevens op te freegjen by jo netbehearder en jo te fertsjintwurdigjen nei de netbehearder ta.

Wannear krij ik foar it earst Frivius energie levere?
It kontrakt giet yn op de datum dat jo foar it earst Frivius energie krije. Dat is wannear’t alles ôfhannele is mei de eardere leveransier en wy alle nedige gegevens fan de netbehearder krigen hawwe om jo oerstappe te litten. Dat binne û.o. it histoarysk ferbrûk en de definitive oerstapdatum. Dy datum wurdt skriftlik oan jo trochjûn.

Jim sizze ta dat de levering garandearre is. Hoe wurket dat?
Frivius energie wurdt levere troch Eneco Retail B.V. Dat grutte leveringsbedriuw keapet foar in hiel soad klanten tagelyk enerzjy yn en soarget dêrmei foar wissichheid.

Ha ik as ôfnimmer fan Frivius energie rjocht op belestingfermindering?
Ja, as klant fan Frivius energie krije jo it folsleine bedrach fan € 379,16 (ynkl. BTW) op jierbasis werom. Dat jildt foar alle húshâldings dy’t elektrisiteit ôfnimme.

Hoe wit ik dat ik Frivius energie krij?
Jo krije in ûntfangstbefêstiging dêr’t yn stiet dat wy jo oanmelding krigen hawwe. As jo gegevens ferwurke binne en alles ôfhannele is mei jo âlde leveransier, krije jo in wolkomstbrief mei dêryn jo moanlikse termynbedrach en de yngongsdatum fan it kontrakt.

[Werom nei oersjoch]

 
Leveringsbetingsten >

Meast stelde fragen
>

Tariven
>