|
 |
Nijs |
 |
Nije tariven mei yngong fan 1 july 2011
It taryf foar gas en fêstrjocht giet omheech, it taryf de kilowattoere elektrisiteit bliuwt gelyk.
De earste moannen fan dit jier binne de oaljeprizen in fiks ein omheechgien. Omdat dat ynfloed hat op de gaspriis, binne wy twongen om it leveringstaryf foar gas mei yngong fan 1 july 2011 te ferheegjen. It is ús wol slagge om it taryf de kilowattoere elektrisiteit gelyk te hâlden oan it taryf fan jannewaris 2011.
Njonken de kosten fan jo enerzjyferbrûk betelje jo fêstrjocht. Dat is in fêst bedrach per produkt per moanne foar de tsjinstferliening yn ferbân mei enerzjy. Dat fêstrjocht wurdt justjes djoerder.
Sjoch hjir foar de nije tariven foar elektrisiteit en gas.
TOP
Frivius energie past de tariven foar gas en elektrisiteit mei yngong fan 1 jannewaris 2011 oan.
Wy hawwe goed nijs foar jo: de tariven foar elektrisiteit en gas binne leger wurden. Jo termynbedrach wurdt by taryfswizigingen altyd automatysk oanpast. Sjoch hjir foar de nije tariven foar elektrisiteit en gas.
|
|