|
Frivius wurdt Eneco
Frivius is yn 2004 opset as label fan Eneco. Sûnt dy tiid is Frivius al wer jierren de enerzjyleveransier foar in protte Frysktalige klanten of foar klanten dy’t yn Fryslân wenje. As klant fan Frivius hawwe jo in oerienkomst mei Eneco Retail B.V. ûnder it merk Frivius. Mei yngong fan 1 maart 2012 bestiet it merk Frivius net langer. Jo bliuwe klant fan Eneco, mar dan ûnder it eigen Eneco-merk.
Ek nei 1 maart hawwe jo dus gewoan enerzjy, dêr hoege jo neat foar te dwaan. Eneco sil jo itselde produkt (ekostroom en/of gas) leverje, tsjin itselde taryf. Om dat foar jo dúdlik te meitsjen krije jo yn ’e rin fan febrewaris oer de post wiidweidige ynformaasje en in oersjoch fan de tariven dy’t foar jo fan tapassing binne.
Wat kinne jo fan Eneco ferwachtsje?
- Krekt sa’t jo fan Frivius wend binne hawwe jo oan Eneco in betroubere en klantfreonlike leveransier mei skerpe tariven.
- Fluch en maklik online jo enerzjysaken regelje fia Mijn Eneco.
- Fergese e-nijsbrief mei serviceberjochten oer enerzjy, jo nota, tips om te besparjen en koartings.
- Koarting op enerzjy-besparprodukten en aardige útstapkes (ek yn Fryslân).
- Eneco sil jo yn it Nederlânsk ynformearje. Uteraard bliuwe de koarte wachttiden en de goede service.
Fraach en antwurd
Wy kinne ús foarstelle dat jo fragen hawwe oer dizze wiziging. Om it maklik foar jo te meitsjen hawwe wy alfêst in tal fragen en antwurden foar jo op in rychje set. Wolle jo noch mear witte of leaver persoanlik mei immen prate, dan kinne jo ús altyd belje.
Wissichheid mei in fêst taryf
Sawol by Frivius as by Eneco binne en bliuwe jo fersekere fan enerzjy. Wolle jo neist wissichheid oer jo enerzjylevering ek wissichheid oer jo tariven? Set jo tariven dan foar 1 of 3 jier fêst. Us meiwurkers jouwe jo graach advys. Belje 088-1214010 (lokaal taryf). Wy binne te berikken op wurkdagen tusken 8.00 en 17.00 oere.
Fergunninghâlder fan Frivius energie is Eneco Retail B.V., fêstige te Rotterdam (KvK 24324527)
Privacy Statement | Disclaimer
|