Frivius Energie homepage
In het
Nederlands
Oanmelde
Stap no oer!

Klant wurde fan Frivius energie is hiel ienfâldich. Jo kinne jo oanmelde fia it oanmeldformulier (pdf 61 kB), printsje dat út, folje it yn en stjoer it nei: Frivius energie, Antwurdnûmer 250, 9100 VB Dokkum. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei Klantenservice@frivius.nl. Mear witte? Sjoch by de meast stelde fragen.

Klant wêze fan Frivius energie betsjut:
• Jo binne wer gewoan klant en gjin nûmer
• In typysk Fryske oanpak: tagonklik, berikber en persoanlik
• Mear service foar minder jild
• As jo gas én elektrisiteit ôfnimme: 20% koarting op it fêstrjocht gas


Wy regelje alles foar jo, ek it opsizzen fan de elektrisiteitslevering fan de leveransier dy’t jo no hawwe. Der feroaret neat yn jo meterkast en de enerzjylevering giet gewoan troch. Wy stjoere jo binnen 10 dagen in befêstiging fan jo oanmelding ta.Lês de algemiene betingsten foar it leverjen fan elektrisiteit oan lytsferbrûkers, de algemiene betingsten foar it leverjen fan gas oan lytsferbrûkers, de leveringsbetingsten Frivius energie ® july 2006 en de kwaliteitskritearia. Dan witte jo wêr’t jo oan ta binne.*

*Is net yn it Frysk.


 
Leveringsbetingsten >

Meast stelde fragen
>

Tariven
>





aanmeldbanner