Frivius Energie homepage
In het
Nederlands
Tariven
Prizen gas en elektrisiteit

Frivius energie is in lytse, effisjinte organisaasje. Us gas- en elektrisiteitsprizen binne skerp fêststeld. By Frivius energie krije jo mear service, foar in lege priis! Ferlykje sels de gas- en elektrisiteitsprizen mei help fan ûndersteande tabellen.

Frivius Fariabel (mei yngong fan 1-1-2012): prizen foar it leverjen fan gas
Dizze prizen jilde foar lytsferbrûkers. Dat binne ferbrûkers dy’t in oansluting op it gasnet hawwe mei in kapasiteit ≤ 40 m3 yn ’e oere. It fêstrjocht bedraacht € 2,27 ynkl. BTW. It kontrakt foar it leverjen fan gas is foar in ûnbepaalde tiid.

 

Leveringstaryf Enerzjybelesting1 BTW Totaal
Gaspriis de m3 (mei in G1 profyl yn regio 4)

€ 0,35828

€ 0,16670

€ 0,09975

€ 0,6247


1)   Dit taryf jildt foar in ferbrûk fan 1-5.000 m3. Foar in ferbrûk fan 5.001-170.000 m3 jildt in Enerzjybelestingtaryf fan € 0,1443 (ekskl. BTW).

Fryslân falt yn regio 4; foar oare regio's jildt in oare priis. Foar de oare tariven de regio sjoch. (Is net yn it Frysk)

Levering, transport en belesting
De priis fan enerzjy bestiet út trije ûnderdielen: leverjen, netbehear en belesting (Enerzjybelesting en BTW). De belesting is ûngefear twa fiifde fan jo gasrekken. Dizze wurdt ôfdroegen oan de oerheid. In oar ûnderdiel fan de priis fan gas wurdt foarme troch transport en meterkosten. De transportkosten betelje jo oan jo netbehearder foar it brûken en ûnderhâld fan it gasnet. De kosten foar meterhier betelje jo oan it mjitbedriuw. Jo betelje jierliks sirka € 166,11 (ynklusyf BTW) foar netwerkkosten (priispeil 2012, hjirby is útgien fan de tariven fan regionale netbehearder Liander. As jo in oare regionale netbehearder ha, kinne dizze kosten wat ôfwike).


Frivius Fariabel (mei yngong fan 1-1-2012): prizen foar it leverjen fan elektrisiteit
De prizen yn de tabel jilde foar oanslutingen mei in oanslútwearde oant en mei 3x80 Ampêre. Prizen jilde foar de levering fan elektrisiteit. It fêstrjocht bedraacht € 2,27 ynkl. BTW. Alle kontrakten foar it leverjen fan elektrisiteit binne foar in ûnbepaalde tiid.

per kWh Leveringstaryf Enerzjybelesting1 BTW Totaal
Inkeltaryf de kWh

€ 0,07090

€ 0,11400

€ 0,03513

€ 0,2200

Dûbeltaryf (normaal2) de kWh

€ 0,07917

€ 0,11400

€ 0,03670

€ 0,2299

Dûbeltaryf (leech2) de kWh

€ 0,05850

€ 0,11400

€ 0,03278

€ 0,2053


1)   Dit taryf jildt foar in ferbrûk fan 1 - 10.000 kWh.
2)   De tariven foar in dûbeltaryfmeter jilde allinnich as der twa telwurken oansletten binne. Standert delte-oeren (perioade wêryn't it lege taryf berekkene wurdt) jilde troch de wike fan 23.00-7.00 oere, yn 'e wykeinen en op de neikommende hjeldagen: 1 jannewaris, 2e peaskedei, keninginnedei, himelfeartsdei, 2e pinksterdei, 1e en 2e krystdei.

Levering, transport en belesting
De priis fan enerzjy bestiet út trije ûnderdielen: leverjen, netbehear en belesting (Enerzjybelesting en BTW). De belesting is ûngefear de helte fan jo elektrisiteitsrekken. Dizze wurdt ôfdroegen oan de oerheid. In oar ûnderdiel fan de priis fan elektrisiteit wurdt foarme troch de netwerkkosten. De netwerkkosten betelje jo oan de netbehearder foar it brûken en ûnderhâld fan it elektrisiteitsnet. Jo betelje jierliks sirka € 240,55 (ynklusyf BTW) foar netwerkkosten (priispeil 2012, hjirby is útgien fan de tariven fan regionale netbehearder Liander. As jo in oare regionale netbehearder ha, kinne dizze kosten wat ôfwike).

Administraasjekosten foar gas en elektrisiteit
Alle klanten fan Frivius Energie betelje € 14,28 (ynklusyf BTW) administraasjekosten yn it jier foar it ferwurkjen fan de betellingen. Dizze kosten wurde oanjûn op jo jierrekken. Klanten dy’t mei automatyske ynkasso betelje krije in koarting fan € 14,28 (ynklusyf BTW) yn it jier. Sa ha jo de administraasjekosten dus wer werom. Jo krije dizze koarting allinne by automatyske ynkasso omdat ferwurking fan akseptgiro’s hegere kosten mei him meibringt. Dizze koarting wurdt oanjûn op jo jierrekken.

Kosten by wanbeteljen
(Tariven en boetes foar wanbeteljen binne frijsteld fan omsetbelesting)

  • Herhellingsrekken 1) maksimaal € 10,00
  • Sommaasje fan net betelle rekkens maksimaal € 15,00
  • Ynkassobesyk 2) maksimaal € 50,00

Sjoch foar mear ynformaasje oer it ynkassobelied op dizze link.

Tuskentiids tariven wizigje
Frivius Energie kin op elk momint yn it jier har fariabele tariven oanpassen, mar docht dat meastal yn jannewaris of yn july. De tariven kinne ek mear as in heal jier itselde bliuwe. Les mear oer taryfwizigingen foar gas en elektrisiteit yn de Algemene Voorwaarden Gas en de Algemene Voorwaarden Elektriciteit.

 
Leveringsbetingsten >

Meast stelde fragen
>

Tariven
>